It gemeentehûs yn Drachten wurdt ferboud. Fan 1 septimber ôf is ús nije, tydlike besykadres: Reidingwei 6 (it âlde swimbad De Welle). Lês mear …
Abonnemint parkeargaraazjes
Wenje jo yn it gebiet dêr't yn Drachten betelle parkearjen jildt? Of binne jo ûndernimmer yn it gebiet dêr't yn Drachten betelle pakearjen jildt? Dan kinne jo in abonnemint ôfslute.
Parkearfergunning foar ynwenners
Foar de parkeargaraazje oan it Van Knobelsdorffplein of it Riedhúsplein kinne jo in abonnemint ôfslute. In abonnemint kin alle moannen opsein wurde. Beteljen giet fia iDEAL. Jo kinne kieze foar in fearnsjier- of jierabonnemint. De behearder fan de parkeargaraazje nimt kontakt mei jo op sa gau 't jo tagongspas en keytag klearlizze.
Kosten
| Perioade | Kosten |
|---|---|
| Fearnsjier | €79,50 |
| Jier | €318,00 |
Kosten motorfyts: €79,50 it jier
In abonnemint ôfslute kin fia it Digitaal Parkearloket.
Parkearfergunning foar ûndernimmers
Binne jo ûndernimmer yn it gebiet dêr't yn Drachten betelle parkearjen jildt, dan kinne jo in abonnemint ôfslute foar parkeargaraazje Riedhúsplein. Foar it ynloggen as bedriuw hawwe jo eHerkenning nedich. In abonnemint kin alle moannen opsein wurde. Beteljen giet fia iDEAL. Jo kinne kieze foar in fearnsjier- of jierabonnemint. De behearder fan de parkeargaraazje nimt kontakt mei jo op sa gau 't jo tagongspas en keytag foar jo klearlizze.
Kosten
| Perioade | Kosten |
|---|---|
| Fearnsjier | €192,39 |
| Jier | €769,56 |
In abonnemint ôfslute kin fia it Digitaal Parkearloket.