Parkearje besikers
Fan moandei o/m sneon fan 9.00 oant 21.00 oere jildt yn it sintrum fan Drachten betelle parkearjen. Jo kinne by de automaten betelje.
Parkearfergunning oanfreegje
Jo kinne ek in parkearfergunning oanfreegje foar de parkearplakken bûten, bygelyks as jo yn it sintrum fan Drachten wurkje. Dan hoege jo net by de automaat te beteljen. Der binne dei-, wike-, moanne- of jierfergunningen. Parkearjen is fergees op sneins en op feestdagen.
Parkeargaraazjes
Oerdekt parkearje yn it sintrum fan Drachten kin yn de parkeargaraazjes oan it Riedhúsplein en it Van Knobelsdorffplein.
Dei | Iepeningstiden |
---|---|
Moandei o/m sneon | 7.00 oant 21.00 oere |
Sneins en feestdagen | 11.00 oant 20.00 oere |
Utride kin 24 oeren deis, 7 dagen yn 'e wike.
Kosten
Taryf of fergunning | Kosten |
---|---|
Oeretaryf (sawol bûten as yn de parkeargaraazjes) | € 2,00 |
Deitaryf parkeargaraazjes | € 4,00 |
Deitaryf terreinen Merk, Fûgelsang en Sander Israëlsplein | € 8,00 |
Fergunning Sintrum (A. Deikaart) | € 12,40 |
Fergunning Sintrum (B. Wykkaart) | € 59,10 |
Fergunning Sintrum (C. Moannekaart) | € 200,60 |
Fergunning Sintrum (D. Jierkaart) | € 1.891,70 |
Fergees parkearje
Jo kinne fergees parkearje op de neikommende lokaasjes:
- parkearstripen by de Learloaiersstrjitte en it Mûne-ein NK (by Dunlop)
- parkearterrein oan de Nachtegealstrjitte
- parkearterrein VV Drachten
- De Singel
- Oaljemûnestrjitte
- De Opgong