Untheffing ynryd- en parkearferbod
Freegje in ûntheffing oan as jo wurksumheden útfiere sille yn Drachten yn it gebiet dêr't betelle parkearjen jildt en jo dêr in auto of frachtwein foar parkearje moatte. Foar ynlogge as bedriuw hawwe jo eHerkenning nedich. Hawwe jo in ienmanssaak, dan kinne jo jo DigiD brûke. Foar parkearjen yn de Noarder- of Suderbuorren hawwe jo neist in ûntheffing ek in paske nedich foar de sakpeallen. It paske kinne jo op it gemeentehûs ophelje. Dêr betelje jo in boarch foar. Leverje it tagongspaske nei gebrûk wer yn op it gemeentehûs en jo krije jo boarchsom weromstoart.
Kosten
Soart heffing | Kosten |
---|---|
Untheffing ynriden sintrum | € 36,90 + € 90,- boarch |