Untheffing blauwe sône

Binne jo ûndernimmer yn in blauwe sône en wolle jo dêr langer as 3 oeren parkearje, freegje dan in ûntheffing blauwe sône oan. De ûntheffing is 1 jier jildich. Oan 'e ein fan it jier krije jo berjocht dat jo de ûntheffing ferlingje kinne. As jo koarter as 3 oeren parkearje, meie jo mei in parkearskiif fergees parkearje yn in blauwesônegebiet. De blauwe sône jildt ek op feestdagen.

Oanfreegje ûntheffing

Lokaasjes

  • Moleneind NZ 90 oant en mei 220 en Moleneind ZZ 125 oant en mei 195

De ûntheffing jildt allinnich yn it blauwesônegebiet dêr't jo dy foar oanfreegje.

Kosten

 
Soart ûntheffing Kosten foar 1 jier 

Untheffing Moleneind*

€ 42,80

*Maksimaal 4 ûntheffingen foar 1 adres.

Jo krije foar it rinnende jier gjin jild werom as jo de ûntheffing opsizze.