Untheffing laden en/of lossen

Freegje in ûntheffing laden en lossen oan as jo mei jo auto of frachtwein winkels befoarriedzje wolle yn it gebiet yn Drachten dêr't laden en/of lossen ferbean is. Foar ynloggen as bedriuw hawwe jo eHerkenning nedich. Hawwe jo in ienmanssaak, dan kinne jo jo DigiD brûke. In paske foar de sakpeallen kinne jo op it gemeentehûs ophelje. Leverje it paske nei gebrûk wer yn op it gemeentehûs.

Kosten

 
Soart heffing Kosten
Untheffing laden en lossen € 37,70