Helpferlienersfergunning

Freegje in helpferlienersfergunning oan as jo húsarts of ferloskundige binne en akute help biede. Mei dy parkearfergunning meie jo as helpferliener parkearje op alle betelle parkearplakken en yn de fergunninghâldersgebieten.

Kosten

De helpferlienersfergunning kostet € 163,60  it kalinderjier.

Oanfreegje helpferlienersfergunning

Betingsten

  • Jo binne húsarts of ferloskundige en wurkje yn de gemeente Smellingerlân.
  • Jo binne ynskreaun yn it BIG-register.
  • It kenteken fan de auto stiet op jo namme. As it kenteken op namme fan in leasemaatskippij, op in bedriuwsnamme of op namme fan jo partner stiet, stjoere jo in ferklearring fan de kentekenhâlder mei, dêr't op stiet dat jo deistich bestjoerder binne.