Offalkalinder
Yn de ôffalkalinder (ôffalwizer) lêze jo hokker ôffal wannear ophelle wurdt yn jo strjitte of buert.
Klik op 'Mijn Afvalwijzer' en folje jo postkoade en húsnûmer yn. Klik dêrnei op de knop 'Ga door'.
Jo kinne de ôffalwizer (ôffalkalinder) ek downloade en printsje. Klik op it pdf-ikoan yn it jieroersjoch. Tink derom: de ynformaasje kin yn 'e rin fan it jier feroarje.
Offalwizer-app
Jo kinne de ôffalkalinder besjen mei de ôffalwizer-app. Download dy app foar jo telefoan of tablet:
- Fia Google Play (Android)
- Yn de Appstore (iOS)
Wat kinne jo dermei?
De app biedt deselde ynformaasje as de ôffalwizer op de webside. Mar de app kin mear, bygelyks:
- Jo kinne ynstelle dat jo in melding krije wannear't de griene of grize kontener leechd wurdt.
- Yn it 'AfvalABC' sykje jo hokker ôffalprodukt yn hokker kontener heart, bygelyks 'pizzadoos' of 'spaarlamp'.
- Fia 'GPS Lokaasje' komme jo op in plattegrûn. Dêr sjogge jo op wêr't glês-, papier- en/of tekstylkonteners by jo yn 'e buert steane.