Offal skiede
It skieden fan ôffal is tige wichtich. Troch in goede ôffalskieding bliuwe in soad grûnstoffen behâlden. Dy kinne wy faak opnij brûke foar nije produkten. Dat is better foar it miljeu.
Wat heart wêr yn?
Soms is it lestich fêst te stellen wêr't jo ôffal thúsheart. Op ús ôffalskiedingskaart sjogge jo yn ien eachopslach wat jo mei jo ôffal dwaan moatte. De nijste ferzje komt ynkoarten online. Fierders kinne jo yn dizze folder sjen hokker ôffal yn hokker kontener of rôlamer moat. Jo kinne dy ynformaasje ek fine yn it Offal ABC op mijnafvalwijzer.nl.
Offalskiedingskaart