Ien kear in festiviteit melde
Hawwe jo in bedriuw dat ûnder de Wet miljeubehear falt, lykas hoareka, sportkantine of bedriuwspân? En wolle jo in feest of aktiviteit organisearje dêr’t mear lûd by makke wurdt as tastien is op grûn fan it Aktiviteitebeslút? Of hawwe jo in sportaktiviteit dêr't jo de ferljochting langer by oanhâlde wolle? Dan moatte jo dat melde by de gemeente. Offisjeel hjit dat in 'ynsidintele festiviteit melde'.
Dit moatte jo witte
- Jo kinne foar maksimaal 12 dagen yn 't jier in evenemint melde dêr't jo mear lûd by meitsje kinne as normaal en/of de ferljochting langer by oanhâlde kinne.
- By eveneminten meie jo mear lûd meitsje as normaal. Yn de APV (kêst 4:3) stiet hoefolle lûd jo maksimaal meitsje meie. Op freedtejûns of sneontejûns meie jo bygelyks langer mear lûd meitsje as op oare jûnen.
- De iene muzyksoart is lûder as de oare. Ek is de iene muzyksoart op gruttere ôfstân te hearren as de oare muzyksoart. Wy wolle witte watfoar muzyk der te hearren is by jo evenemint. Bygelyks house, jazz, pop, beat of nederpop.
- Om oerlêst te beheinen moatte jo it lûd dat bûten te hearren is safolle as mooglik beheine. Maatregels dêrfoar binne bygelyks doarren ticht hâlde, tafersjoch hâlde en in ynregele ynstallaasje brûke.
- Foar guon eveneminten hawwe jo in fergunning nedich op grûn fan de APV. Foar mear ynformaasje dêroer kinne jo belje mei de gemeente op telefoannûmer 0512 58 12 34.