Steuring strjitferljochting melde
Lantearnepeal stikken? Lampe brânt net? Meld dat by de gemeente.
Steuring strjitferljochting melde
Dit hawwe jo nedich
- Nûmer fan de lantearnepeal.
- Oanfoljende ynformaasje, bygelyks: de lantearnepeal stiet bryk of is fernield.
Dit moatte jo witte
- It systeem siket automatysk it plak en de strjitnamme by it troch jo ynfolle lantearnepealnûmer.
- It nûmer fine jo op de lantearnepeal. It stiet op in giele stikker op eachhichte (of op likernôch 4 meter hichte).
- Op 'e hichte bliuwe fan de steuring? Notearje jo e-mailadres yn 'e digitale melding.
- Us monteur behannelet de steuring binnen 1 oant 2 wurkdagen.
- Mail nei storingenovl@smallingerland.nl as:
- it net slagget om de melding te dwaan mei de knop 'Steuring strjitferljochting melde'. Notearje yn jo e-mail de reden, it plak en de strjitnamme en it húsnûmer dêr’t de lantearnepeal it tichtstby stiet.
- der yn de hiele strjitte gjin lantearnepeallen brâne. Meld it plak en de strjitnamme fan de net-brânende lantearnepeallen. Wy melde dat dan by Liander. It meitsjen nimt meastentiids 1 oant 2 wurkdagen. Is it in komplekse steuring? Dan kin de termyn foar it meitsjen bytiden oprinne oant 3 moanne.
- jo brântiden (fan in jûn- of nachtbrander) oanpasse litte wolle. Notearje dêrby jo reden en kontaktgegevens. Wy nimme binnen 1 oant 2 wurkdagen kontakt mei jo op om jo fersyk te bepraten.