Roeken

Op dizze pagina fine jo ynformaasje oer roeken, de mooglike oerlêst en wat wy dêroan dwaan kinne.

De roek

De roek is in sosjaal libjende fûgel. De roek yt, sliept en briedt yn groepen (koloanjes). De roek briedt it leafst yn beammen dy't folwoeksen genôch binne, minimaal 15 meter heech en mei genôch stevige tûkefoarken. Trochdat roeken sa sosjaal binne, leare jonge roeken al gau wêr't iten te finen is, hokker beammen gaadlik binne om yn te nesteljen en wêr't it feilich is.

Beskerme fûgel

De roek komt fan natuere foar yn in lânskip dêr't greiden, ikkers en boskjes inoar ôfwikselje. Yn it ferline is der lykwols in soad op de roek jage. Mei troch de jacht en troch sûnder opsetsin feroarsake fergiftiging mei lânboubestridingsmiddels, wie it tal roeken yn Nederlân om 1970 hinne op in djiptepunt. Om dat tiidrek hinne is de roek beskerme. It tal roeken giet noch hieltyd omleech yn Nederlân. Troch minsklike fersteuringen ferspriede de eartiids grutte roekekoloanjes harren hieltyd mear oer lytsere koloanjes op ferskate lokaasjes rjochting de beboude kom.

Wêrom briede roeken yn 'e beboude kom?

Trochdat der yn it ferline in soad jacht makke is op de roek, hawwe de roeken yn de beboude kom beskerming socht. De feiligens fan de bebouwing wurdt fan âlder op jong trochjûn.

Oerlêst

De gemeente krijt klachten fan ynwenners dy't tichtby in briedlokaasje wenje. De klachten geane oer it lûd dat de roeken meitsje, de fûgelstront en it tûkeôffal. Net alle ynwenners sjogge de oanwêzigens fan roeken as oerlêst. Der binne ek ynwenners dy't foarstanner binne fan roeken yn harren wyk of dy't fine dat roeken no ienris by de natuer hearre. 

Wat docht gemeente Smellingerlân om oerlêst foar te kommen?

Fûgels hearre yn de natuer en by it wenjen yn in griene omjouwing. Om de oerlêst te beheinen, soargje wy derfoar dat gaadlike lokaasjes oantreklik bliuwe. Dochs kin de oerlêst fan de roeken sa grut wurde, dat it nedich is om as minske yn te gripen yn de natuer.

Regels en wetjouwing

Krekt lykas alle oare fûgels dy't fan natuere yn it wyld yn Nederlân foarkomme, binne roeken beskerme op grûn fan de Wet natuerbeskerming. De roek is in koloanjebrieder en briedt elk briedseizoen op itselde plak. Dêr is er tige hiemfêst yn. Se binne dêrby ôfhinklik fan 'e bebouwing of natuerlike omjouwing mei werkenbere punten. Dat is de reden dat behalve de roek sels ek syn nêst it hiele jier beskerme is.

Behearplan

It oanpakken fan de oerlêst troch roeken bart allinnich op plakken dêr't de oerlêst troch omwenners as slim sjoen wurdt en de roekenêsten tichtby wenningen binne. Gemeente Smellingerlân hat in roekebehearplan meitsje litten. Dat hawwe wy besprutsen mei de provinsje Fryslân. De provinsje hat tastimming jûn om it plan út te fieren. Dat roekebehearplan jout ús romte om de oerlêst te bestriden en tagelyk de roek te beskermjen.

Wannear wurdt úteinset mei it roekebehear

Sûnt desimber 2022 is de gemeente úteinset mei de oanpak fan oerlêst troch roeken op guon plakken yn Drachten. It roekebehearplan rint oant en mei 1 septimber 2026. Yn dat tiidrek sille op oerlêstplakken alle jierren roekenêsten fuorthelle wurde en as it nedich is wurde de roeken fuortjage mei help fan bygelyks lûd. By de oanpak fan roeke-oerlêst wurdt de neikommende wurkwize folge:

  1. It oanpakken fan oerlêst troch roeken op oerlêstlokaasjes bart bûten it briedseizoen. 
  2. Nêsten op oerlêstlokaasjes wurde yn twa fazen fuorthelle. De earste faze is yn novimber/desimber. Yn 'e twadde faze wurde op 'e nij nêsten fuorthelle dy't as gefolch fan de earste faze op net-winske lokaasjes yn oanbou binne. Dat bart yn jannewaris, mar kin útfierd wurde oant der aaien lein wurde.
  3. Nêsten dy't foar it earste jier op in nije oerlêstlokaasje fêstige binne, wurde fuorthelle. Dy nêsten wurde mei foarrang bûten it briedseizoen fuorthelle. It fuortheljen fan nêsten op dy lokaasjes kin oant der aaien lein wurde.
  4. As bliken docht dat it fuortheljen fan nêsten net effektyf genôch is, kin de gemeente beslute om oer te gean op it aktyf fuortjeien fan roeken, bygelyks mei help fan lûd. It fuortjeien mei lûd wurdt (yn oerlis mei bewenners, gemeente en plysje) yn it tiidrek jannewaris oant heal febrewaris útfierd.

It is wichtich dat it goed giet mei de roek

It tal roeken yn ús gemeente mei net omleech gean. Wy telle alle jierren de roekenêsten, en jouwe dat troch oan de provinsje. As it tal roeken yn ús gemeente omleech giet, en dêrtroch it behâld fan de roek yn gefaar komt, kin de provinsje beslute om mei de útfiering fan it roekebehearplan op te hâlden. Yn dat gefal meie wy gjin nêsten mear fuorthelje en gjin roeken mear fuortjeie.

Kontakt mei ús opnimme

Hawwe jo fragen, wolle jo mear ynformaasje of wolle jo in melding dwaan? Dat kin fia ûndersteande knop.

Fraach stelle of melding dwaan