Rioelferstopping

Is jo rioel of ôffier ferstoppe? Nim kontakt op mei de gemeente by klachten oer stank, ferstopping en fersakking fan de dyk as gefolch fan lekkaazje yn it rioel. Wy stelle earst de oarsaak fêst en kinne de ferstopping ferhelpe.

Kosten

  • Foarrydkosten: € 52,25 (ynklusyf btw).
  • Yn it oere: € 90,50 (ynklusyf brûkt ark/slangen, eventuele kamera-ynspeksje en btw).
  • Wy berekkenje minimaal in kertier.
  • Bûten kantoartiid jilde taslaggen.

Wa’t de kosten betellet, hinget ôf fan it plak fan de ferstopping en wêr’t de ferstopping troch ûntstien is.

  • Leit de oarsaak yn it gemeentlik rioel, troch bygelyks fersakkingen of in stikkene rioelbuis? Dan lost de gemeente it probleem op en betellet de kosten.
  • Leit de oarsaak yn it gemeentlik rioel, mar is de ferstopping feroarsake troch fersmoarging fan de eigener yn it hûs? De gemeente kin it probleem oplosse, mar de kosten binne foar de eigener.
  • Leit de oarsaak yn jo rioellieding oant it gemeentlik rioel ta en binne jo eigener fan it hûs? Dan betelje jo sels de kosten.
  • Leit de oarsaak yn jo rioellieding oant it gemeentlik rioel ta en hiere jo de wenning? Nim kontakt op mei de ferhierder.
  • Leit de oarsaak yn it gemeentlik rioel en litte jo in partikulier bedriuw de ferstopping ferhelpe? Dan is de rekken yn alle gefallen foar jo.
  • Skeakelje jo in oar rioelearringsbedriuw yn as de gemeente en sit de ferstopping yn it gemeentlik rioel? Dan betelje jo sels de kosten.
  • Is it bûten kantoartiden en kin de melding net wachtsje oant de oare wurkdei? Belje dan de kalamiteitetsjinst op nûmer 06 22 97 62 64.