Meldpunt fermoeden soarchfraude Wmo en Jeugd

Elkenien kin in berop dwaan op soarch en stipe út de Wet maatschappelijke ondersteuning (Wmo) of Jeugdwet wei.

It is belangryk dat it soarchjild terjochte komt by de minsken dy't dat écht nedich hawwe. Dêrom dogge wy der alles oan om fraude foar te kommen en op te spoaren. Troch goed mei soarchjild om te gean, hâlde wy de soarch betelber. Team Previnsje, Tafersjoch & Hanthavening ûndersiket meldingen oer mooglike soarchfraude. As der sprake is fan soarchfraude, dan nimme wy passende maatregels.

Unrjochtlik gebrûk melde

Tinke jo dat eat net hielendal yn 'e heak is?

De animaasje oer soarchfraude fan de VNG lit sjen wat jo dwaan kinne.

Hawwe jo in fermoeden fan soarchfraude?

Meld dat dan by de gemeente. Jo kinne dat op ferskate wizen dwaan:

  • Doch jo melding soarchfraude online: folje it formulier sa kompleet mooglik yn en beskriuw wêrom't de situaasje neffens jo net kloppet. Jo krije fan ús in befêstiging as wy jo formulier krigen hawwe. It is mooglik om it formulier yn te foljen sûnder jo gegevens te neamen. Soargje der dan wol foar dat jo gjin ynformaasje delsette lykas 'myn broer', 'myn buorlju', 'myn baas', ensafuorthinne.
  • Telefoanysk fia 0512 58 12 34. De gemeente is berikber op moandei oant en mei freed fan 9.00 oant 16.30 oere.

De gemeente giet fertroulik mei jo ynformaasje om. Fanwegen de privacy krije jo gjin útslach fan it ûndersyk fan ús.

Jo werkenne soarchfraude bygelyks oan:

  • soarch betelje litte sûnder dat der soarch levere is.
  • soarch leverjen troch ûnsaakkundich personiel.
  • jild betelje litte foar mear of oare soarch as levere is.
  • mear soarch oanfreegje as nedich is.
  • jild freegje foar soarch dy't al op in oare wize betelle wurdt.
  • trochgean mei soarch leverjen (en deklarearjen) wylst dat net mear nedich is.
  • minder (goede) soarch leverje as nedich is.
  • in administraasje dy't net yn oarder is.
  • ûnearlik wêze oer in situaasje, sadat der ûnrjochtlik jild of soarch deklarearre wurde kin.
  • oanleverjen fan ferfalske of optochte ynformaasje, ferkearde foarstelling fan saken of DigiD-misbrûk.
  • de persoan dy't soarch nedich hat, makket misbrûk fan foarsjenningen.