Meldpunt fermoeden fraude mei bystânsútkearing
Gemeente Smellingerlân wol dat it jild foar útkearingen nei minsken giet dy't it echt nedich hawwe en der rjocht op hawwe. Dêrom ûndernimt de gemeente aksje as ien ûnrjochtlik in útkearing krijt of as dyjinge in te hege útkearing krijt.
Tinke jo dat ien ûnrjochtlik in útkearing krijt?
Jo helpe fraude tsjin te gean troch dat te melden by de gemeente. Dat kin ek anonym. Jo kinne dat op ferskate wizen dwaan:
Online
Folje it webformulier sa kompleet mooglik yn. Jo krije fan ús in befêstiging nei ûntfangst.
Telefoanysk
Belje ús fia 0512 58 12 34. De gemeente is berikber op moandei oant en mei freed fan 9.00 oant 16.30 oere.
Skriftlik
Stjoer jo brief nei de gemeente o.f. Fraudeprevinsje.
Us postadres is: Postbus 10.000, 9200 HA Drachten.
Wat is útkearingsfraude?
As jo in bystânsútkearing hawwe, binne jo ferplichte alle ynformaasje troch te jaan dy't fan belang wêze kin foar de útkearing. Wy hawwe it oer fraude as ferkearde of ûnfolsleine ynformaasje trochjûn wurdt oan de gemeente. Foarbylden fan fraude:
- Ynskriuwe op in adres mar dêr net wenje.
- Byinoar wenje en dat net trochjaan.
- It net trochjaan fan (ekstra) ynkomsten.
- Net fertelle dat der (ekstra) fermogen is. Dat jildt ek foar fermogen yn it bûtenlân.
- It net (folslein) trochjaan fan fakânsjes.