Meldpunt Goed Ferhierderskip

Yn de Wet goed ferhierderskip steane regels dêr't ferhierders harren oan hâlde moatte. Hâlde ferhierders harren net oan dy regels, dan kin de hierder dat melde by de gemeente.

Wat is goed ferhierderskip

Under goed ferhierderskip wurdt ferstien:

  1. De ferhierder mei net diskriminearje.
  2. De ferhierder mei jo net yntimidearje. Dat kin sawol fysyk as skriftlik wêze.
  3. In eventuele waarboarchsom mei maksimaal twa kear de hierpriis wêze. 
  4. De ferhierder moat de hieroerienkomst skriftlik fêstlizze, mei dêryn opnommen:
    • de rjochten en plichten fan de hierder;
    • dúdlike ôfspraken oer in eventuele waarboarchsom;
    • kontaktgegevens fan de behearder; 
    • kontaktgegevens fan it lokale meldpunt problemen mei ferhierders;
    • regels oer de servicekosten.
  5. Betelje jo servicekosten? Dan moat de ferhierder by it oangean fan de hieroerienkomst dêr in spesifikaasje fan jaan.  
  6. De ferhierbemiddeler mei gjin dûbele bemiddelingskosten yn rekken bringe. Dy kosten binne foar de ferhierder (de partij dy't de bemiddeler ynhiert).
  7. Binne jo in arbeidsmigrant? In hieroerienkomst moat apart fan de arbeidsoerienkomst tekene wurde.
  8. De ferhierder moat de ûnder punt 4 neamde ynformaasje jaan yn de troch jo winske taal.

Betingsten foar melden

Jo kinne as hierder net-winske gedrach fan de ferhierder melde as:

  • jo as wenningsykjende fan in partikuliere hierwenning konfrontearre wurde mei gedrach dat yn striid is mei de earder neamde easken.
  • jo in wenning hiere fan in partikuliere ferhierder of ferhierbemiddeler dy't him net oan de algemiene gedrachregels hâldt. In ferhierbemiddeler is ien dy't hierders yn kontakt bringt mei partikuliere ferhierders.
  • jo in bûtenlânske wurknimmer binne mei in wurk-hierkontrakt. Jo wurkje en wenje dan fia bygelyks in útstjoerburo.

Hiere jo in wenning by Accolade, WoonFriesland? Meld de klacht dan by de Bewennersried of wenningkorporaasje sels.

Meld net-winske ferhierderskip

Oare problemen of swierrichheden melde

Underfine jo problemen of swierrichheden dy't noch net beneamd binne? Dan kin de gemeente dêr net op hanthavenje. Oare mooglikheden foar help binne de Hierkommisje of it Juridysk Loket.

Hierkommisje

De Hierkommisje is in ynstânsje dy't help biede kin by hiersaken dêr't jo oan twivelje: www.huurcommissie.nl. De Hierkommisje is in ûnpartidige en ûnôfhinklike skeelbesljochter foar hierders en ferhierders. Sy kinne help biede as jo it net iens binne oer bygelyks de hierpriis, ûnderhâld of servicekosten. De Hierkommisje docht in útspraak oan de hân fan wet- en regeljouwing en docht in útspraak dêr't beide partijen harren oan hâlde moatte.

Juridysk Loket

It Juridysk Loket jout fergees online juridysk advys oer saken oangeande wenjen en buorlju. Hawwe jo in leech ynkommen en net folle sparjild? Dan kinne sy jo ek persoanlik fierder helpe.

Mear ynformaasje

Sjoch foar mear ynformaasje op wetten.nl of besjoch de fideo mei útlis.