Melding skea oan skoalgebouwen

Hawwe jo skea oan of om jo skoalgebou hinne troch fandalisme of skea troch wyn, wetter of brân? Meld dat dan by ús. Dat kin digitaal. Meitsje altyd foto's fan de skea. Dy kinne jo uploade. By fandalisme dogge jo altyd oanjefte by de plysje. Jo stjoere dan ek in ôfskrift mei.

Skea melde

Nei jo oanfraach

Nei jo oanfraach krije jo in ûntfangstbefêstiging. Dêr stiet jo saaknûmer op. Dat nûmer stiet op alle skriftlike kommunikaasje oer jo melding.

Sels reparearje litte

Foar it reparearjen fan de skea skeakelje jo sels in bedriuw yn. De oannimmer of leveransier stjoert de rekken foar it reparaasjewurk streekrjocht nei de gemeente. Op de rekken moat it saaknûmer stean. De oannimmer of leveransier stjoert de rekken nei:
facturen@smallingerland.nl, ornearre foar Jitske Abels, en neamt dêrby rûtenûmer 28003, it saaknûmer en de namme fan de skoalle.

As de rekken kloppet en de melding kompleet is, betellet de gemeente de rekken oan de leveransier.

Beoardieling by skea boppe € 6.000

Yn it skeaformulier folje jo it skatte skeabedrach yn. As de skea heger is as € 6.000, komt der in meiwurker fan de gemeente del om de skea te beoardieljen.

Dieder fandalisme bekend

As de dieder bekend is en strafrjochtlik ferfolge wurdt, melde jo dat altyd by de gemeente. De gemeente kin dan beslute om de skea op de dieder te ferheljen. Jo kinne dêr kontakt foar opnimme mei Jitske Abels. Har kontaktgegevens fine jo ûnder it kopke Mear ynformaasje.

Mear ynformaasje

Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei Jitske Abels. Belje nei 0512-581234 of stjoer in e-mail nei j.abels@smallingerland.nl.