Ikeprosesjerûp
Ikeprosesjerûpen sitte yn maaie en juny yn ikebeammen. Yn july of augustus komme se as nachtflinters út harren kokon. De lege nêsten bliuwe hingjen. De brânhierkes yn it nêst kinne jierren letter noch foar klachten soargje.
Oanpak
De gemeente kontrolearret alle jierren yn hokker beammen larven fan de ikeprosesjerûp sitte en bestriidt de ikeprosesjerûpen op plakken dêr't in soad minsken komme. It stribjen is dat yn de beboude kom de nêsten yn gemeentlike beammen fuorthelle wurde en bûten de beboude kom de nêsten fuorthelle wurde by yntinsyf brûkte fytsrûtes lâns en op drokbesochte lokaasjes.
Wurkwize
Gemeente Smellingerlân bestriidt de ikeprosesjerûp previntyf op biologyske wize. In oannimmer besproeit yn opdracht fan de gemeente de ikebeammen yn de jûnsoeren of nachts mei hiel lytse wjirms: nematoden. Dy wjirmkes besmette de jonge rûpen sadat se stjerre. Nei de earste bestriding werhellet de oannimmer de behanneling. It besproeien bart nei sinneûndergong omdat de wjirmkes net goed oer sinneljocht kinne. Ek moatte de waarsomstannichheden geunstich wêze.
Dy biologyske en natuerfreonlike wize om ikeprosesjerûpen te bestriden hat ferline jier goede resultaten opsmiten. Dêrom dogge wy it wer. It doel is om 90 prosint fan de pleach by de behannele ikebeammen te bestriden.
As jo in nêst fûn hawwe
- Kom net yn 'e buert fan in beam dêr't de ikeprosesjerûp yn fûn is. Hâld genôch ôfstân, foaral by wyn.
- Sjogge jo de ikeprosesjerûpen yn gemeentlike beammen yn de beboude kom, by in kuier- of fytsrûte lâns bûten de beboude kom of tichtby jo hiem? Jou dat troch oan de gemeente.
- Us kollega's fan de bûtentsjinst komme del by de melde lokaasjes.
- Docht bliken dat it wier om de ikeprosesjerûp giet en stiet de beam op gemeentlike grûn, dan soargje wy foar it romjen. By in beam mei in soad nêsten kin it wat langer duorje foardat de rûpen fuorthelle binne.
- Docht bliken dat it om in oar soart rûp giet, dan krijt de melder dêr berjocht fan.
Melding dwaan
De gemeente bestriidt preventyf de ikeprosesjerûp en wit nei de kontrôle faak al wêr't de rûpen sitte. Wy helje dy nêsten dan ek fuort. Hawwe jo dochs in soad lêst fan de ikeprosesjerûp? Meld dat by de gemeente.
Nêsten yn beammen partikulieren
- By beammen yn privee-eigendom is de eigener sels ferantwurdlik foar de maatregels tsjin oerlêst.
- Wy advisearje om net sels te bestriden, mar in spesjalisearre bedriuw yn te skeakeljen. Ferkeard gebrûk fan bestridingsmiddels kin soargje foar earnstige sûnensklachten. Ek kin de oerlêst slimmer wurde as de nêsten weibrând wurde.
- De kosten fan it opromjen binne yn sokke gefallen foar eigen rekken.
Oerlêst foar minske en bist
Minsken dy't yn oanrekking komme mei de saneamde 'brânhierren' fan de rûp kinne sûnensklachten krije: jokte, reade of yrritearre eagen, hûdútslach en klachten oan de luchtwegen. Ek foar bisten binne der sûnensrisiko's. Fee kin der lêst fan krije nei it weidzjen ûnder oantaaste beammen, of as gers dat earst by nêsten yn 'e buert groeide as hea fuorre wurdt. Hûnen en oare húsdieren kinne troch it happen yn ôffallen rûpenêsten earnstich letsel oan it mûleslymflues krije.