Drege brief melde

Wy dogge as gemeente ús bêst om yn dúdlike taal te skriuwen. Wy fine it belangryk dat alle ynwenners ús teksten begripe. Dochs kin it sa wêze dat in tekst net dúdlik genôch is. Dan begripe jo miskien net wat der stiet of wat der fan jo ferwachte wurdt. Miskien steane der drege wurden yn in sin. Of is de sin fierstente lang. Dan wolle wy dat graach witte!

Undúdlike ynformaasje? Lit it ús witte!

Hawwe jo in drege brief of e-mail fan ús krigen? Begripe jo in tekst op ús webside net? Of is in berjocht op sosjale media net dúdlik? Lit it ús witte! Dan soargje wy foar in tekst dy't wol dúdlik is.

Hoe kinne jo in ûndúdlike tekst mei ús diele?

  • Yn it gemeentehûs stiet in 'brievewaskmasine' dêr't jo de brief yn dwaan kinne. 
  • Troch in e-mail te stjoeren nei: info@smallingerland.nl (set derby: Begryplike Taal).
  • Oer de post (sûnder postsegel) nei:

Gemeente Smellingerlân
Begryplike Taal
Antwurdnûmer 73
9200 VB  Drachten

Set op de brief in sirkel om dat wat jo net dúdlik fine. As jo in reaksje fan ús wolle, set dan jo namme en telefoannûmer (of adres of e-mail) op de brief of yn de mail.

Dúdlik is wat oars as oft jo it dermei iens binne

Soms binne jo it gewoan net iens mei wat der yn de brief stiet. Dan fine jo de brief dus bêst dúdlik, mar dan wolle jo reagearje op de ynhâld. Yn dat gefal kinne jo it bêste kontakt opnimme mei de skriuwer fan de brief.

Wat dogge wy mei jo skriuwtip?

Wy binne tige bliid mei jo help. Op dy wize kinne wy ús teksten ferbetterje. Wy sjogge oft de tekst simpeler kin. Sadat elkenien it begrypt.

Wat bart der mei jo gegevens?

Soms stiet der persoanlike ynformaasje yn de brief. Lykas jo adres of BSN-nûmer. Streekje dy ynformaasje goed troch. Litte jo jo namme en kontaktgegevens achter? Wy brûke dy gegevens allinnich om jo in reaksje te stjoeren.

Wêrom is begryplike taal belangryk?

Alles wat wy dogge is foar ús ynwenners. Dêrom is it belangryk dat jo begripe wat wy skriuwe. Sûnder dat jo dêr help fan oaren foar freegje moatte. Sa witte jo wêrom't jo in brief fan ús krije, wat der fan jo ferwachte wurdt en wat jo rjochten en plichten binne. Ek as jo muoite hawwe mei lêzen en skriuwen moatte jo ús begripe kinne.