Deade of loshingjende tûken yn beam melde

In deade of loshingjende tûke yn in beam melde jo allinnich as de situaasje gefaar opleverje kin. In ekspert fan de gemeente komt dan del om te sjen en beoardielet de situaasje. Belje fuortendaliks de brânwacht as der akút gefaar is, bygelyks as der in tûke op 'e dyk fallen is.


Melde deade of loshingjende tûke

Wannear't melden gjin sin hat

  • As der troch beammen of strûken skaad yn jo tún of op jo sinnepanielen falt.
  • As der blêden of fruchten út in beam fallen binne op jo eigen terrein of hûs. Meld wol in gefaarlike situaasje op strjitte of op de stoep.

Nei jo melding

De gemeente ferwurket jo melding sa gau mooglik, yn elts gefal binnen 2 wike. As it kin, losse wy it probleem op. Eventueel nimme wy kontakt mei jo op.

Us snoeibelied

De gemeente snoeit tsjintwurdich minder om te besunigjen. Dat falt binnen ús belied fan 'sober en doelmjittich'. Dat hâldt yn: allinnich dwaan wat echt nedich is en gefaarlike situaasjes foarkomme. Dat betsjut ek dat wy by ferfanging soms kieze foar goedkeapere beplanting.