Sjenswize yntsjinje
Wolle jo reagearje op in ûntwerpbeslút fan gemeente Smellingerlân? Dan kinne jo dat oan ús witte litte. Sa'n reaksje op in ûntwerpbeslút of ûntwerpplan neamt de wet in sjenswize.
Wêr kinne jo op reagearje?
Mei in sjenswize kinne jo reagearje op ûntwerpbesluten fan de gemeente. Bygelyks op in ûntwerpbeskikking oer in fergunningoanfraach. Of op ûntwerpen fan romtlike plannen, lykas in bestimmingsplan of in wizigingsplan. Fan jannewaris 2024 ôf kin it ek gean om in ûntwerp wizigingsbeslút fan it omjouwingsplan.
Wannear kinne jo in sjenswize yntsjinje?
In sjenswize kinne jo online yntsjinje wannear't it ûntwerpbeslút of ûntwerpplan op besjen leit. Dat duorret meastal 6 wike. Jo fine dy perioade yn de bekendmakking fan it ûntwerpbeslút of ûntwerpplan.
Mocht it net slagje jo sjenswize online yn te tsjinjen, dan kinne jo dat ek skriftlik of mûnling dwaan.
Jo skriftlike sjenswize kinne jo rjochtsje oan: de gemeenteried fan Smellingerlân, Postbus 10.000, 9200 HA te Drachten. In skriftlike sjenswize moat de neikommende ynformaasje befetsje: namme, hantekening en adres fan de yntsjinner, datum en redenen fan de sjenswize. Foar mear ynformaasje oer it ûntwerpplan of it jaan fan in mûnlinge reaksje kinne jo in ôfspraak meitsje, telefoannûmer 0512-581234.
Wat docht de gemeente mei jo sjenswize?
As wy in definityf beslút nimme, belûke wy dêr jo sjenswize by. Jo krije persoanlik berjocht fan it beslút. Wy meitsje dat beslút bekend yn it Gemeenteblad op overheid.nl en publisearje it beslút yn Actief. Mochten jo it net iens wêze mei it beslút, dan kinne jo yn berop gean. Yn it beslút stiet hoe't jo dat dwaan kinne.