Gemeente yn fersom stelle

Reagearret de gemeente te let op jo oanfraach of beswier? Jo kinne de gemeente yn fersom stelle. Is der 2 wike letter noch hieltyd net in beslissing? Dan kinne jo in fergoeding (twangsom) krije.

Gemeente yn fersom stelle

Dit moatte jo witte

  • Stjoer jo ynfersomstelling nei de gemeente Smellingerlân, op 'e namme fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders, Postbus 10.000, 9200 HA Drachten.
  • Yn ûntfangstbefêstigingen en oare brieven jout de gemeente oan wannear’t jo in beslissing krije. Meastentiids is dêr in wetlike termyn foar. Is dy der net, dan jildt in ‘reedlike termyn’. Wat reedlik is, hinget ôf fan it soarte fan beslissing. Dat kin in pear dagen, wiken of moannen wêze.
  • Yn de neikommende gefallen kinne jo in fergoeding easkje as de gemeente te let beslist oer jo oanfraach of beswier:
  • Jo hawwe in skriftlike ynfersomstelling yntsjinne.
  • Jo hawwe de ynfersomstelling yntsjinne neidat de beslissingstermyn ôfrûn wie.
  • Jo oanfraach of beswierskrift wie net al yn it foar net-ûntfanklik of ûnbegrûne.
  • Jo binne belanghawwende.