Gemeente oanspraaklik stelle
Hawwe jo skea oprûn troch skuld fan de gemeente? Dan kinne jo de gemeente oanspraaklik stelle.
Dit hawwe jo nedich
- Bewiis fan de oprûne skea, bygelyks foto’s, in oanskafbon of in rekken, en eventueel in skearapport.
- Eventuele ûndertekene tsjûgeferklearring(en) as der tsjûgen binne.
- Ferklearring fan it foarfal, bygelyks in proses-ferbaal by ferkearsûngemakken, in skeanota fan de fersekering of ynformaasje oer de oprûne letselskea.
Dit moatte jo witte
- Underbou jo skeaclaim sa folslein mooglik en stjoer alle bewizen dy’t jo hawwe mei.
-
Wy sille jo oanspraaklikstelling sa gau mooglik ôfhannelje, of wy stjoere it troch nei ús fersekering dy't de oanspraaklikstelling fierder ôfhannelet.