Woo-fersyk yntsjinje
As jo mear ynformaasje hawwe wolle oer it belied fan de gemeente en de útfiering, dan kinne jo de gemeente freegje om dy ynformaasje iepenbier te meitsjen. Dat stiet yn de Wet iepen oerheid (Wet open overheid = Woo). In fraach om ynformaasje neame wy in Woo-fersyk. De Woo is de ferfanger fan de Wet iepenbierheid fan bestjoer (Wob).
Digitaal in Woo-fersyk ferstjoere
Woo-fersyk mei ek oer de post
In Woo-fersyk meie jo ek skriftlik dwaan. Rjochtsje jo fersyk oan de gemeente Smellingerlân, it Kolleezje fan boargemaster en wethâlders, Postbus 10.000, 9200 HA Drachten.
Ynhâld fan jo fersyk
Neam yn jo Woo-fersyk altyd:
- dat it om in Woo-fersyk giet;
- hokker dokuminten jo ynsjen wolle en oer hokker perioade;
- hoe't jo de ynformaasje ûntfange wolle;
- jo namme, adres, wenplak, telefoannûmer en e-mailadres.
Beslút
De gemeente nimt sa gau mooglik in beslút oer jo Woo-fersyk. Dat duorret minimaal 4 wike. As it langer duorret, litte wy dat witte. Wurdt jo fersyk goedkard, dan krije jo de dokuminten mei de ynformaasje dy't jo freegje. Wy binne net ferplichte om oersichten of gearfettingen fan de ynformaasje foar jo te meitsjen.
Woo-fersyk soms net nedich
De Woo jildt net foar ynformaasje dy't al iepenbier is. In soad ynformaasje binnen de gemeente is al iepenbier. Dy ynformaasje kinne jo sels opsykje. Kolleezjebesluten en riedsstikken fine jo werom op Notubiz. Oanfrege en ferliende fergunningen publisearje wy op officielebekendmakingen.nl en yn wykblêd Actief.
Net alle ynformaasje iepenbier
Wy meie gjin ynformaasje iepenbier meitsje as:
- dêrtroch ús ekonomyske of finansjele belangen yn gefaar komme;
- der fertroulike gegevens yn steane;
- wy net goed mear ynspektearje, kontrolearje of tasicht hâlde kinne;
- de privacy fan persoanen yn gefaar komt;
- de feiligens fan persoanen of bedriuwen yn gefaar komt;
- ús goed funksjonearjen of dat fan oare bestjoersorganen yn gefaar komt.
Ynformaasje ynsjen
Wy stjoere de ynformaasje it leafst digitaal. Jo kinne de ynformaasje ek op it gemeentehûs ynsjen. It digitaal tastjoeren of ynsjen fan de ynformaasje is fergees.
Yntsjinne fersiken
2024
- WOO-verzoek Schade aan netwerk Stuurboord 6 te Drachten
- WOO-verzoek Omgevingsvergunningen en meldingen De Werf 1 & Buitensvallaat 8
- WOO-verzoek Locatiecriteria AZC
- WOO-verzoek Financiering verharde weg De Peindermieden
- WOO-verzoek Vrijburgh 3
- WOO-verzoek Steigers Jelle Plantingalaan 120-122
- WOO-verzoek Reclame exploitatie
- WOO-verzoek Het niet verrekenen van een schadevergoeding bij een bijstandsuitkering
- WOO-verzoek DWJM
- WOO-verzoek Buorren 80 te Houtigehage
- Besluit Woo-verzoek Previscus (24 januari 2024)
2023
- Huurovereenkomsten opvang Oekraïners (21 december 2023)
- Zonneweiden in Boornbergum-Kortehemmen (18 oktober 2023)
Mear ynformaasje en kontakt
Hawwe jo fragen of twivelje jo oer de iepenbierheid fan ynformaasje? Nim gerêst kontakt mei ús op. Belje nei 0512-581234 of mail nei gemeente@smallingerland.nl.