Stipeferklearring ôflizze

In stipeferklearring is in skriftlike ferklearring fan in kiesberjochtige dêr't hy of sy yn oanjout in bepaalde politike partij te stypjen by de Twadde Keamerferkiezingen op woansdei 29 oktober 2025.

In partij dy't meidwaan wol oan de Twadde Keamerferkiezingen hat stipeferklearringen nedich as dy partij:

  • foar de earste kear meidwaan wol oan de ferkiezingen;
  • by de foarige ferkiezingen foar de Twadde Keamer gjin sitten helle hat;.
  • meidocht mei in blanko list, dus sûnder spesifike oantsjutting.

Mear ynformaasje fine jo op de webside fan de Kiesraad.

Wat binne de regels?

Om in stipeferklearring ôf te lizzen:

  • steane jo as kiesberjochtige registrearre yn de gemeente Smellingerlân;
  • ûndertekenje jo de ferklearring oan de baly fan it tydlike gemeentehûs yn it bywêzen fan de amtner;
  • identifisearje jo josels mei in jildich identiteitsbewiis;
  • lizze jo per ferkiezing ien kear in ferklearring ôf.

Wêr en wannear kin de ferklearring ôflein wurde?

In stipeferklearring kinne jo ôflizze fan:

  • tiisdei 2 septimber 2025 o/m moandei 15 septimber 2025 (8.30 oant 16.30 oere);
  • op woansdei 17 septimber en tongersdei 18 septimber (8.30 oant 17.00 oere);

oan de baly fan it gemeentehûs oan de Reidingwei 6 yn Drachten (it eardere swimbad De Welle). Jo hoege dêr gjin ôfspraak foar te meitsjen.