It gemeentehûs yn Drachten wurdt ferboud. Fan 1 septimber ôf is ús nije, tydlike besykadres: Reidingwei 6 (it âlde swimbad De Welle). Lês mear …
Stimme yn in oare gemeente (kiezerspas)
Wolle jo yn in oare gemeente stimme? En binne jo as kiezer registrearre yn de gemeente Smellingerlân? Freegje dan in kiezerspas oan. Mei in kiezerspas kinne jo stimme yn elke gemeente yn Nederlân.
Skriftlik oanfreegje
Wolle jo de kiezerspas skriftlik oanfreegje? Folje dan in formulier 'model K6-1' yn. Jo kinne it formulier ophelje by it gemeentehûs oan de Reidingwei 6 yn Drachten of downloade op de webside fan de Ryksoerheid. Jo stjoere de skriftlike oanfraach oer de post nei:
Gemeente Smellingerlân
Team Ferkiezingen
Postbus 10.000
9200 HA Drachten
Oanfreegje fia e-mail
Jo kinne de oanfraach ek maile nei gemeente@smallingerland.nl.
Jo oanfraach moat op syn lêst freed 24 oktober 2025 troch ús gemeente ûntfongen wêze. Dêrnei krije jo oer de post jo kiezerspas.
Oanfreegje op it gemeentehûs
Oan de baly fan it gemeentehûs oan de Reidingwei 6 yn Drachten kinne jo oant tiisdei 28 oktober 2025 12.00 oere in kiezerspas oanfreegje. Jo leverje dêrby jo stimpas yn, dêrnei krije jo de kiezerspas fuortendaliks mei.
Tink derom! In kiezerspas wurdt mar ien kear ôfjûn. Nei ôfjefte fan in kiezerspas ferfalt jo stimpas.