Stimme út it bûtenlân wei
Op 29 oktober 2025 sil de Twadde Keamerferkiezing wêze. Binne jo kiesberjochtige en binne jo op 29 oktober yn it bûtenlân? En steane jo as ynwenner ynskreaun yn ús gemeente en wolle jo sels jo stim útbringe? Dan kin dat mei in brief. Dat giet fia de gemeente Den Haag.
Hoe dogge jo mei?
Jo freegje it briefstimmen oan by de gemeente Den Haag.
Tink derom: de folsleine oanfraach, mei hantekening en mei kopy fan jo jildige Nederlânske identiteitsdokumint, moat op syn lêst 1 oktober 2025 troch de gemeente Den Haag ûntfongen wêze.
Wat hawwe jo nedich?
- In jildich Nederlânsk identiteitsbewiis
- In postadres yn it bûtenlân
Wolle jo mear ynformaasje?
Dan kinne jo belje mei de ôfdieling Ferkiezingen fan de gemeente Den Haag fia telefoannûmer +31 70 353 44 00. Jo kinne ek in mail stjoere: kbn.verkiezingen@denhaag.nl.