Sintraal stimmen telle

Op de jûn fan de ferkiezingen op woansdei 29 oktober 2025 telle de stimburo's de stimmen op listnivo. De dei nei de ferkiezingen wurde stimmen op kandidaatnivo sintraal teld (it saneamde CSO). Dat bart op in iepenbiere sitting ûnder lieding fan it Gemeentlik StimBuro (GSB).

Iepenbiere sitting GSB

De sitting fan it GSB is iepenbier. Jo kinne dêrby oanwêzich wêze. Hjirûnder fine jo ynformaasje oer de sitting:

  • Wêr: tsjerke De Oase, Ringwei 3 yn Drachten
  • Wannear: tongersdei 30 oktober 2025
  • Tiid: 8.30 oere

Oan de ein fan de sitting makket it GSB de útslach fan de ferkiezingen bekend.

Wurksumheden stimburo en Centrale StemOpneming (CSO)

Op it stimburo en by de sintrale stimopnimming binne ferskate minsken oan it wurk. Wy lizze hjirûnder út wat sy dogge.

Foarsitter stimburo

De foarsitter soarget, mei de stimburoleden, derfoar dat it kiesproses yn it stimlokaal goed ferrint. De foarsitter is oansprekpunt foar de gemeente en foar team Ferkiezingen.

De foarsitter folget de ferplichte e-learning foar foarsitters en docht oanslutend de digitale toets. As de foarsitter de toets helle hat, folget de beneaming as foarsitter. De foarsitter folget in fysike of online ynstruksje foar de wize wêrop't de stimmen teld wurde. Dy telmetoade is ferplichte en soarget foar struktuer en oersjoch.

Moarnsfoarsitter en middeisfoarsitter

Foar elk stimlokaal is der in moarns- en in middeisfoarsitter. De moarnsfoarsitter hellet op woansdei 29 oktober 2025, tegearre mei ien fan de stimburoleden, de stimmaterialen foar it stimlokaal om 6.30 oere hinne op by it gemeentehûs oan de Ringwei 6 yn Drachten. Om 7.00 oere hinne binne de foarsitter en it stimburolid oanwêzich by it stimlokaal. Dêr ûntfangt de foarsitter de oare stimburoleden.  De foarsitter soarget der mei de oare stimburoleden foar dat it stimlokaal fan 7.30 oere ôf iepen en tagonklik is foar de kiezer. Om 13.45 oere is de middeisfoarsitter yn it stimlokaal en draacht de moarnsfoarsitter oer oan de middeisfoarsitter. Om 14.15 oere hinne giet de moarnsfoarsitter fuort. Om 20.45 oere hinne komt de moarnsfoarsitter werom yn it stimlokaal. Om 21.00 oere slút de foarsitter de stimming en begjint it telproses (sjoch kopke 'Tellen fan de stimmen').

Rapportaazje (proses-ferbaal)

De moarns- en middeisfoarsitter soargje derfoar dat it proses-ferbaal byhâlden wurdt salang't it stimlokaal iepen is. De foarsitter notearret eventuele beswieren fan kiezers of ûngeregeldheden yn it proses-ferbaal. De foarsitter notearret de oanwêzigens fan de stimburoleden. Alle oanwêzige stimburoleden sette de tiden fan harren oanwêzigens en harren hantekening yn it proses-ferbaal. De foarsitter dy't de lieding hat oer de telling (sjoch kopke 'Tellen fan de stimmen') notearret oan 'e ein fan de telling it tal stimpassen, it tal folmachten (ûnderhânske folmachten en folmachtsbewizen), it tal kiezerspassen en it tal stimmen útbrocht foar elke partij yn it proses-ferbaal.

StembureauApp

De foarsitter wurket mei de StembureauApp. Yn dy app jout de foarsitter:

  • de opkomst troch op de foarskreaune tiden;
  • it totaal tal útbrochte stimmen op in partij troch (oan 'e ein fan de telling).

Tellen fan de stimmen

De moarns- en de middeisfoarsitter oerlizze ûnderinoar wa fan harren fan 21.00 oere ôf de telling liedt. De foarsitter dy't de telling liedt:

  • notearret de totalen yn it proses-ferbaal;
  • kontrolearret oft it proses-ferbaal folslein ynfolle is;
  • soarget derfoar dat alle materialen goed ferpakt en ynpakt binne;
  • bellet de bûtentsjinst foar it opheljen fan de stimbus;
  • leveret tegearre mei in stimburolid of de oare foarsitter it proses-ferbaal yn by tsjerke De Oase, Ringwei 3 yn Drachten.
Stimburolid

In stimburolid soarget, tegearre mei de foarsitter, derfoar dat it kiesproses yn it stimlokaal goed ferrint. It stimburolid folget de ferplichte e-learning foar stimburoleden en docht oanslutend de digitale toets. Ienkear slagge folget de beneaming as stimburolid.

In stimburolid fiert taken út lykas:

  • Om 6.30 oere hinne ophelje fan bepaalde stimmaterialen oan de Reidingwei 6 yn Drachten (tegearre mei de moarnsfoarsitter).
  • Nei sluting fan it stimlokaal tegearre mei de foarsitter ynleverje fan bepaalde stimmaterialen by tsjerke De Oase oan de Ringwei 3 yn Drachten.
  • Tafersjoch hâlde op de stimbus en stimhokjes.
  • Kontrolearje stimpassen, folmachten en kiezerspassen.
  • Kontrolearje identiteit fan de stimmer.
  • Tafersjoch hâlde dat de stimmer it stimbiljet/de stimbiljetten yn de stimbus docht.
  • Telt de stimmen neffens de telmetoade ûnder lieding fan de foarsitter.
  • Pakt, nei it tellen fan de stimmen, de stimmaterialen yn neffens de ynstruksje fan it Ferkiezingsteam.
  • Notearret de namme, de begjin- en eintiid fan syn/har oanwêzigens yn it proses-ferbaal en set dêrby syn/har hantekening.
Teller op de dei fan de sintrale stimopnimming (Centrale StemOpneming = CSO)

De stimmen dy't op woansdei 29 oktober 2025 útbrocht binne, wurde op tongersdei 30 oktober 2025 teld op kandidaatnivo by de CSO. De CSO hat plak ûnder lieding fan it Gemeentlik StimBuro (GSB).

In teller folget de ferplichte e-learning foar tellers en docht oanslutend de digitale toets. Ienkear slagge folget de beneaming as teller.

De teller is op de dei fan de CSO om 8.15 oere oanwêzich op de lokaasje fan tsjerke De Oase, Ringwei 3 yn Drachten. De teller is yndield yn ien fan de telteams. Elk telteam hat in tellieder. De teller meldt him/har by de tellieder. Om 8.30 oere iepenet de foarsitter fan it GSB de sitting. Nei iepening fan de sitting jout de tellieder in koarte ynstruksje oan it telteam en begjint it telteam mei tellen. Oan 'e ein fan 'e middei binne nei ferwachting alle stimmen teld en binne de wurksumheden fan de teller klear. Tuskentroch is der sa no en dan skoft en tusken de middei is der tiid foar lunch. Der wurdt soarge foar de lunch, kofje, tee, wetter en in koek.