Oan 'e slach as stimburolid

Op woansdei 29 oktober 2025 sille de Twadde Keamerferkiezingen wêze. Foar in goed ferrin fan dy ferkiezingen siket gemeente Smellingerlân belutsen ynwenners dy't helpe wolle as stimburolid of teller.

Wat sille jo dwaan?

As foarsitter

  • Jo binne einferantwurdlik foar it goed ferrinnen fan it stimproses op jo stimburo.
  • Jo jouwe lieding oan de oare stimburoleden.
  • Jo ûnderhâlde kontakt mei de gemeente by bysûnderheden of fragen.
  • Jo soargje derfoar dat it tellen fan de stimmen korrekt ferrint.
  • Jo leverje oan 'e ein fan 'e dei de stimbus en byhearrende formulieren yn by it gemeentehûs.

Foar dizze funksje is it wichtich dat jo stressbestindich, soarchfâldich en kommunikatyf feardich binne.

As stimburolid

  • Jo ferwolkomje kiezers op it stimburo.
  • Jo kontrolearje identiteitsbewizen
  • Jo ferstrekke de stimbiljetten.
  • Jo sjogge ta op in oarderlik en korrekt stimproses.
  • Oan 'e ein fan 'e dei helpe jo by it tellen fan de stimmen (fan 21:00 oere ôf).

As teller

  • Jo telle op tongersdei 30 oktober 2025 de útbrochte stimmen, mei oare tellers en meiwurkers fan de gemeente.
  • Jo wurkje sekuer en drage by oan in betroubere ferkiezingsútslach.

Wa sykje wy?

Wy sykje ynwenners fan 18 jier of âlder dy't:

  • betrouber en sekuer binne;
  • de Nederlânske taal goed behearskje;
  • ree binne om in koarte (online) ynstruksje of training te folgjen;
  • affiniteit hawwe mei ferkiezingen of maatskiplike belutsenens toane.

Underfining is net ferplichte, wy soargje foar in goede tarieding.

Wat biede wy?

  • In moaie ûnderfining en bydrage oan de demokrasy.
  • In frijwilligersfergoeding:
    • Foarsitter (deidiel + telle yn 'e jûn): € 195
    • Stimburolid (deidiel + telle yn 'e jûn): € 145
    • Teller (30 oktober): € 145
  • In koarte, praktyske training sadat jo goed taret oan 'e slach kinne.

Oanmelde

Wolle jo meidwaan of hawwe jo fragen? Meld jo dan oan fia ús online oanmeldformulier (link folget ynkoarten) of stjoer in e-mail nei: verkiezingen@smallingerland.nl.