It gemeentehûs yn Drachten wurdt ferboud. Fan 1 septimber ôf is ús nije, tydlike besykadres: Reidingwei 6 (it âlde swimbad De Welle). Lês mear …
In oar foar jo stimme litte (folmacht)
Jo kinne in oare kiezer freegje foar jo te stimmen troch in folmacht ôf te jaan. In oare kiezer machtigje kin op twa manieren.
Stimpas meijaan (ûnderhânske machtiging)
Jo kinne in oare kiezer, dy't ek yn de gemeente Smellingerlân stimt, foar jo stimme litte troch de efterkant fan jo stimpas beide yn te foljen en beide in hantekening te setten.
Jo machtigje de oare kiezer sa:
- Folje de efterkant fan jo stimpas yn.
- Jo en de persoan dy't foar jo stimt sette allebeide in hantekening op de efterkant fan jo stimpas.
- Jo jouwe in kopy fan jo paspoart, ID-kaart of rydbewiis mei (it ID-bewiis mei op de dei fan it stimmen 5 jier ferrûn wêze) oan de kiezer dy't foar jo stimt. In dúdlike foto fan it ID-bewiis mei ek (bygelyks op jo mobyl).
- De oare kiezer stimt yn de gemeente Smellingerlân en bringt tagelyk mei syn/har eigen stim ek jo stim út.
Skriftlike folmacht jaan (folmachtsbewiis)
Wolle jo in oare kiezer dy't bygelyks net yn de gemeente Smellingerlân stimt machtigje? Of binne jo tydlik yn it bûtenlân sadat jo jo stimpas net hawwe? Dan kinne jo in folmachtsbewiis oanfreegje. In folmachtsbewiis wurdt nei de oare kiezer stjoerd.
Skriftlik oanfreegje
Wolle jo in folmachtsbewiis skriftlik oanfreegje? Folje dan it formulier 'model L8' yn. Jo kinne it formulier ophelje by it gemeentehûs oan de Reidingwei 6 yn Drachten of downloade fia de webside fan de Ryksoerheid. Jo stjoere de skriftlike oanfraach oer de post nei:
Gemeente Smellingerlân
Team ferkiezingen
Postbus 10.000
9200 HA Drachten
Fia mail oanfreegje
Jo kinne it formulier ek maile nei gemeente@smallingerland.nl.
Jo oanfraach moat op syn lêst freed 24 oktober 2025 troch ús gemeente ûntfongen wêze. Dêrnei kriget de oare kiezer it folmachtsbewiis oer de post.
Tink derom! In folmacht dy't ien kear jûn is kinne jo net ynlûke.