Sittingen fan it sintraal stimburo

It gemeentlik sintraal stimburo komt in pear kear byinoar. Dat bart yn ferbân mei de kandidaatstelling en it fêststellen fan de útslach fan de gemeenteriedsferkiezing.

Tiisdei 3 febrewaris 2026 om 16.00 oere

By dy sitting kontrolearret it sintraal stimburo de kandidatelisten dy't op moandei 2 febrewaris ynlevere binne.

Tink derom: dy sitting is net iepenbier. Jo kinne dêr net by oanwêzich wêze.

Freed 6 febrewaris 2026 om 17.00 oere

By dy iepenbiere sitting beslút it sintraal stimburo:

•    oft de kandidatelisten jildich binne;
•    hokker kandidaten op de listen stean bliuwe;
•    oft de partijnammen brûkt wurde meie.

Fierders wurde de kandidatelisten nûmere.

Wolle jo dêrby oanwêzich wêze? Meld jo dan yn 't foar by de resepsje fan it tydlike gemeentehûs oan de Reidingwei 6 yn Drachten.

Tongersdei 26 maart 2026 om 10.00 oere

By dy iepenbiere sitting stelt it sintraal stimburo de útslach fan de gemeenteriedsferkiezing fêst.

Wolle jo dêrby oanwêzich wêze? Meld jo dan yn 't foar by de resepsje fan it tydlike gemeentehûs oan de Reidingwei 6 yn Drachten.

Mear ynformaasje

Mear ynhâldlike ynformaasje oer de sittingen op 3 en 6 febrewaris fine jo op de webside fan de Kiesraad. Mear ynformaasje oer it fêststellen fan de ferkiezingsútslach fine jo ek op de webside fan de Kiesraad.

Hawwe jo fragen?

Nim dan kontakt op mei it team Ferkiezingen fia verkiezingen@smallingerland.nl of belje 0512 581 234.