Registraasje oantsjutting politike partij
Om oan in ferkiezing mei te dwaan mei in oantsjutting boppe de kandidatelist, is registraasje fan dy oantsjutting nedich. Partijen dy't net lanlik of provinsjaal registrearre binne, kinne de oantsjutting registrearje litte by it gemeentlik sintraal stimburo. In oantsjutting is de namme fan de politike partij.
Registraasje fan in oantsjutting is net ferplichte foar it dielnimmen oan de gemeenteriedsferkiezing. In politike partij kin ek mei in saneamde blanko list dielnimme oan de ferkiezing. Yn dat gefal stiet der by dy partij allinnich in nûmer boppe-oan de kandidatelist en op it stimbiljet.
Yntsjinjen nije registraasje of wiziging
Nije registraasje- of wizigingsfersiken kinne trochrinnend yntsjinne wurde.
Tink derom: jo kinne gjin oantsjutting mear registrearje of wizigje foar de kommende gemeenteriedsferkiezing 2026. Dat koe oant 22 desimber 2025.
Betingsten registraasje
• De partij is in feriening mei folslein rjochtsfoech.
• De statuten fan de feriening binne fêstlein yn in notariële akte.
• De partij betellet in boarchsom fan €112,50 oan it gemeentlik sintraal stimburo.
Dy boarchsom wurdt weromstoart as de partij by de gemeenteriedsferkiezingen 2030 in jildige kandidatelist ynleveret.
Dokuminten meistjoere
Foar it registrearjen of wizigjen fan in oantsjutting folje jo registraasjeformulier model G 1-1 yn.
Jo moatte de neikommende dokuminten meistjoere:
• de statuten fan de partij (fêstlein yn in notariële akte);
• in bewiis fan beteljen fan de boarchsom;
• in ferklearring fan de partij, dêr't sy in lêsthawwer en plakferfangend lêsthawwer yn oanwiist. Dy lêsthawwers meie dyjingen dy't de kandidatelisten ynleverje machtigje om de oantsjutting boppe de kandidatelist te setten.
It registraasjefersyk wurdt yntsjinne troch it bestjoer.
Skrassen fan politike oantsjuttingen
It gemeentlik sintraal stimburo sjocht nei de gemeenteriedsferkiezingen oft de oantsjutting skrast wurdt út it register fan oantsjuttingen.
In oantsjutting wurdt út it register skrast as de partij:
• opheft is;
• dêr om fersocht hat;
• as feriening troch de rjochter ferbean is en ûntbûn is;
• by de lêste gemeenteriedsferkiezing gjin jildige kandidatelist ynlevere hat.
It gemeentlik sintraal stimburo makket de skraste oantsjuttingen iepenbier.
Oersjoch fan partijoantsjuttingen
De neikommende partijoantsjuttingen binne registrearre troch it gemeentlik sintraal stimburo Smellingerlân:
|
Statutêre namme |
Registrearre oantsjutting |
Lêsthawwer |
Plakferfangende lêsthawwer |
|
Smallingerlands Belang |
Smallingerlands Belang |
mefrou E. van der Heide |
de hear J. van Broekhoven |
|
Eérste Lokale Partij |
Eérste Lokale Partij (ELP) |
de hear N.E.M. de Jong |
de hear H.F. van der Wijk |