It gemeentehûs yn Drachten wurdt ferboud. Fan 1 septimber ôf is ús nije, tydlike besykadres: Reidingwei 6 (it âlde swimbad De Welle). Lês mear …
Ferkiezingsbuorden (trotters)
Krekt lykas yn earder jierren set gemeente Smellingerlân ferkiezingsbuorden (trotters) del foar de politike partijen dy't dielnimme oan de ferkiezingen.
Ferkiezingsposter oanleverje
De lanlike partijen leverje de posters op syn lêst 5 septimber 2025 oan by it bedriuw Imagebuilding fia it e-mailadres verkiezingen@imagebuilding.com.
Lokaasjes trotterbuorden
Hjirûnder steane de lokaasjes fan de trotterbuorden yn gemeente Smellingerlân:
- Gauke Boelensstrjitte/Reidingwei, Drachten
- Gauke Boelensstrjitte/Suderhegewei, Drachten
- Oerterpfallaat, Drachten
- Noarderhegewei/Nijtap, Drachten
- Ambachtsloane, De Rottefalle
- Tsjerkebuorren, Drachtsterkompenije
- Ds Visscherwei/Buorren, De Houtigehage
- Kommisjewei, De Pein
- Nijewei/Westerbuorren, Boarnburgum
- Aldegeasterdyk/Achterwei, Aldegea
Wolle jo noch op oare wize kampanje fiere? Op de side Fergunningen en tastimming fine jo mear ynformaasje.