Utstalfergunning

Jo hawwe in útstalfergunning nedich as jo bûtendoar in útstalling, lykas in reklameboerd, pleatse wolle by jo ûndernimming. 

Oanfreegje

Oanfreegje kin fia e-mail fia gemeente@smallingerland.nl.

Jo moatte jo oanfraach op syn minst 8 wike foardat jo in útstalling pleatse wolle yntsjinje.

Kosten

€140,60 + jierlikse prekariokosten

Pekariokosten binne kosten foar it brûken fan gemeentegrûn. De hichte fan dat bedrach hinget ôf fan it oantal fjouwerkante meters gemeentegrûn dat jo brûke.

Wolle jo gjin gebrûk mear meitsje fan jo útstalling? Jou dat dan oan ús troch fia gemeente@smallingerland.nl.

Dit moatte jo witte

  • Fan jo útstalling ôf meie jo gjin produkten ferkeapje.
  • Jo útstalling mei maksimaal 4 m2 wêze. Foar fytsesaken jildt in útsûndering: de útstalling mei dan 8 m2 wêze.
  • Jo útstalfergunning is foar ûnbepaalde tiid jildich.
  • Jo moatte in nije fergunning oanfreegje as der wat feroaret, bygelyks yn de omfang fan de útstalling of by in ferhuzing fan de ûndernimming.