Oerbringingsfergunning oanfreegje

In oerbringingsfergunning (ûnder de Wet explosieven voor civiel gebruik) is ferplichte as jo eksplosiven, lykas munysje of los krûd, binnen Nederlân ferfiere. Dy fergunning soarget derfoar dat it transport feilich ferrint en de iepenbiere oarder garandearre wurdt. 

Oanfreegje en belangrike punten 

Wêr oanfreegje 

De fergunning freegje jo oan by de gemeente dêr't it transport einiget, oftewol dêr't it krûd of de munysje opslein wurdt. 

Wannear 

Dat is nedich foar ferfier binnen Nederlân, nettsjinsteande oft de materialen út Nederlân of it bûtenlân komme. 

Kosten 

Foar it behanneljen fan de oanfraach betelje jo € 93,00 oan leezjes. 

Tink derom: Fan 1 septimber 2026 ôf sil de ILT op it oanwêzich wêzen fan dy fergunning hanthavenje. 

Oanfreegje 

Soargje dat jo de oanfraach op 'e tiid by de gemeente yntsjinje, sadat jo beskikke oer de goede dokuminten foar it transport. Lês earst de ynformaasje hjirûnder oer de oan te leverjen ynformaasje foardat jo in oanfraach dogge. De oanfraach tsjinje jo yn fia it algemiene kontaktformulier fan de gemeente. 

Oan te leverjen gegevens

Op grûn fan artikel 10 Wet explosieven civiel gebruik (Wecg) is in oerbringingsfergunning nedich. De oanfraach moat dien wurde troch dejinge dy't de eksplosiven kriget. 

By de oanfraach oan te leverjen gegevens 

In oanfraach foar in oerbringingsfergunning is ûntfanklik as oan de ûndersteande fjouwer betingsten foldien wurdt: 

  1. De oanfraach slacht op it oerbringen fan eksplosiven foar sivyl gebrûk binnen Nederlân dy't net ornearre binne foar de mynbou.  
  2. De oerbringing dêr't de oanfraach op slacht einiget yn 'e gemeente dêr't de oanfraach yntsjinne is. 
  3. De fereaske gegevens (sjoch ad 3) binne by de oanfraach levere. 
  4. De oanfraach wurdt dien troch dejinge dy't de eksplosiven kriget (sjoch ad 4) foar sivyl gebrûk. 

As net foldien wurdt oan alle fjouwer de betingsten, dan is de oanfraach net ûntfanklik. 

Ad 1 Oerbringing binnen Nederlân, net ornearre foar de mynbou 

Oan dizze betingst wurdt foldien as it transport begûn is yn in Nederlânske gemeente en net ornearre is foar de mynbou. 

Ad 2 De gemeente dêr't de oerbringing einiget 

It kolleezje fan B&W fan de gemeente dêr't de oerbringing einiget, is befoege gesach foar de oerbringingsfergunning. Op basis fan de gegevens út de oanfraach, wêrûnder de beskriuwing fan de rûte, kin ôflaat wurde oft de oanfraach by de goede gemeente yntsjinne is. Dat moat kontrolearre wurde, foardat oergien wurde kin ta de beoardieling fan de oanfraach. 

Ad 3 Fereaske gegevens 

De oanfraach foar in oerbringingsfergunning moat yn alle gefallen bestean út: 

  1. Namme en adres fan de belutsenen, lykas de stjoerder, dejinge dy't it kriget en dejinge foar wa't de eksplosiven ornearre binne. De gegevens moatte yn alle gefallen detaillearre genôch wêze om mei elk fan de belutsenen kontakt opnimme te kinnen; 
  2. Oantal en hoemannichte fan de oer te bringen eksplosiven; 
  3. In folsleine beskriuwing fan de eksplosiven en de middels dêr't dy mei identifisearre wurde kinne. Dêrûnder falt yn alle gefallen it UN-identifikaasjenûmer; 
  4. De gegevens oangeande it achtslaan fan de betingsten foar it yn 'e hannel bringen foar safier't de eksplosiven yn 'e hannel brocht wurde; 
  5. De wize fan oerbringen en de rûte; 
  6. De plande data fan fuortgean en oankomst. 

Ad 4 Oanfraach troch dejinge dy't it kriget 

Dejinge dy't it kriget is dejinge dy't de eksplosiven yn ûntfangst nimt op it einpunt fan it transport. 

Wat dêrneist by de oanfraach tafoege wurde moat 

In oerbringingsfergunning kin allinnich ferliend wurde as dejinge foar wa't de eksplosiven ornearre binne beskikt oer in 'erkenning Wecg'. As dy persoan net yn it besit is fan in erkenning kin gjin oerbringingsfergunning ôfjûn wurde. 

Dat betsjut dat dúdlik neigien wurde kin: 

  1. wa't dejinge is foar wa't de eksplosiven ornearre binne; 
  2. en oft dy persoan beskikt oer in 'erkenning Wecg'. 

Yn de oanfraach om in oerbringingsfergunning moatte genôch gegevens stean om dat nei te gean. 

Ad. 1 Dejinge foar wa't de eksplosiven ornearre binne 

Dejinge foar wa't de eksplosiven ornearre binne is dejinge dy't juridysk eigener is fan de eksplosiven. Dat kin dus in bedriuw of in persoan wêze. De juridyske eigener is net yn alle gefallen deselde persoan of rjochtspersoan as dejinge dy't de eksplosiven kriget. 

Ad 2 Beskikke oer in erkenning 

Oft dejinge foar wa't de eksplosiven ornearre binne beskikt oer in erkenning kin op ferskate manieren efterhelle wurde. Gemeente Smellingerlân hat derfoar keazen de oanfreger fan de Oerbringingsfergunning in kopy fan de – oan dejinge foar wa't de eksplosiven ornearre binne – ferliende 'erkenning Wecg' by de oanfraach foegje te litten.