Miljeu-easken checke
Rjochtsje jo in nij bedriuw op of feroarje de aktiviteiten yn jo bedriuw? Soargje dat jo bedriuw foldocht oan de miljeuregels. Soms is in omjouwingsfergunning nedich. Mar faak is in melding en it yntsjinjen fan bepaalde ynformaasje (gegevens en papieren) genôch. Dat is ôfhinklik fan it soarte bedriuw en de aktiviteiten fan jo bedriuw. Check altyd mei de Fergunningcheck oft jo foar jo bedriuw wat yntsjinje moatte foar miljeu. Rin altyd alle stappen fan de Fergunningcheck troch. Dat is belangryk. It kin wêze dat jo ien melding dwaan moatte en dêr ynformaasje foar oanleverje moatte. It kin ek wêze dat jo meardere meldingen foar ferskate aktiviteiten dwaan moatte. By elk melding fan in aktiviteit kin der nei ynformaasje frege wurde. Dêrom is it belangryk dat jo de Fergunningcheck ôfmeitsje.
As jo klear binne mei de Fergunningcheck, kinne jo fuortendaliks begjinne oan jo melding of oanfraach. Jo lokaasje en aktiviteiten wurde dan bewarre. Dat skeelt jo in soad wurk yn de takomst.
Dit binne de stappen:
- Lokaasje
Kies de lokaasje dêrt jo wat dwaan wolle. - Wurksumheden
Kies de wurksumheden fan jo projekt. - Fragen beäntwurdzje
Trochrin de check en beäntwurdzje alle fragen dy't nedich binne. Fragen dy't der yn jo situaasje net ta dogge falle fansels fuort. - Resultaat
Jo krije in oersjoch. Dêr sjogge jo yn oft jo in fergunning oanfreegje moatte of in melding dwaan moatte. - Start in oanfraach
Jo kinne ek út de Fergunningcheck wei starte mei in oanfraach. De lokaasje en aktiviteiten wurde dan bewarre.