Lotterijfergunning

Wolle jo in lotterij foar in lokaal inisjatyf fan algemien belang of in ynsamling foar in goed doel organisearje? Dan hawwe jo in lotterijfergunning nedich. Dy kinne jo oanfreegje troch in mail te stjoeren nei gemeente@smallingerland.nl.

Betingsten

  • Jo moatte jo oanfraach op syn minst 8 wike foardat jo begjinne mei de ferkeap fan lotten yntsjinje by de gemeente.
  • Jo meie net in lotterij organisearje as jo dêr in kommersjeel belang by hawwe of as de lotterij in yndividueel belang tsjinnet.
  • Minimaal 40 persint fan 'e opbringst fan 'e lotterij moat oan in doel fan algemien belang ôfdroegen wurde.
  • Komt jo prizejild opteld boppe de € 4.500,00 út? Dan moatte jo de fergunning oanfreegje by de Kansspelautoriteit
  • Jo moatte finansjele ferantwurding ôflizze by de gemeente oer de lotterij dy't hâlden is. It finansjele oersjoch moatte jo binnen 3 moanne nei de trekking opstjoere nei de gemeente.

Kosten

In lotterijfergunning kostet € 113,00.