Kollektefergunning
Wolle jo foar in goed doel jild ynsammelje? Dan hawwe jo in kollektefergunning nedich. Dy kinne jo oanfreegje troch in mail te stjoeren nei gemeente@smallingerland.nl.
Betingsten
Freegje de fergunning op syn minst 8 wike foardat jo kollektearje wolle oan. Jo moatte ek in kollektefergunning oanfreegje as jo as feriening of stichting kollektearje foar in woldiedigens- of ideëel doel of foar it pleatslik belang.
Kosten
De kosten fan in kollektefergunning hingje ôf fan hoelang't de fergunning jildich is:
- In kollektefergunning foar ien dei: € 14,70
- In kollektefergunning foar op syn heechst in moanne: € 37,00
- In kollektefergunning foar langer as fjouwer moanne oant ien jier: € 153,00
Lanlik kollekteroaster
It Centraal Bureau Fondsenwerving (CBF) hat in lanlik kollekteroaster opsteld. De neamde organisaasjes hawwe allegear in trochrinnende fergunning. Mear ynformaasje fine jo by it CBF. Fierders binne der 'frije' perioades yn it kollekteroaster. Foar in frije perioade kinne oare organisaasjes in kollektefergunning oanfreegje.