Fergunning tydlike reklamebuorden
Wolle jo tydlike reklamebuorden (sandwichbuorden/trijehoeksbuorden) pleatse? Dan hawwe jo in fergunning nedich. Dy 'Fergunning tydlike reklamebuorden' kinne jo oanfreegje troch in e-mail te stjoeren nei gemeente@smallingerland.nl
Reklame meitsje
Tydlike reklamebuorden meie allinnich brûkt wurde foar de neikommende eveneminten of aktiviteiten yn 'e gemeente:
- Sosjaal-kulturele eveneminten, foarstellingen en konserten
- Sporteveneminten, iepen dagen fan bedriuwen (sûnder streekrjochte ferkeap oan konsuminten), merken en sirkussen
- Braderyen en oare eveneminten, organisearre troch ûndernimmersferieningen of troch de hoarekabedriuwen mei-inoar
- Grutte beurzen en tentoanstellingen dêr't meardere bedriuwen oan dielnimme
- Ideële doelen en doelen dy't de folkssûnens oangean
- Promoasje troch politike partijen yn 'e oanrin nei de gemeenteriedsferkiezingen
- It oankundigjen fan fêstigingen fan nije bedriuwen of ferhuzingen fan besteande bedriuwen nei in oar pân binnen de gemeente
Reklamebuorden bûten de gemeente, mar binnen Fryslân, Grins of Drinte, moatte te krijen hawwe mei de neikommende eveneminten of aktiviteiten:
- Grutskalich opsette beurzen en tentoanstellingen mei in dúdlik regionale betsjutting
- Eveneminten mei in net-kommersjeel karakter dy't fan dúdlik regionale betsjutting binne
- Iepen dagen of projektdagen fan ûnderwiisynstellingen, oerheids- en semy-oerheidsynstellingen
Kosten
De kosten foar de fergunning binne € 151,40
Oanfreegje en betingsten
- Tsjinje jo oanfraach op syn minst 8 wike foar de plande pleatsing yn.
- Jo meie maksimaal 20 buorden pleatse. Dat mei maksimaal 10 dagen.
- De buorden moatte binnen 24 oeren nei ôfrin fan it evenemint fuorthelle wurde.
- De maksimale ôfmjittingen fan de buorden binne 1 meter by 1,20 meter.
- De buorden moatte fan profesjonele kwaliteit wêze: makke fan duorsume, waarsbestindicge materialen (net fan karton).
- De gemeente hat spesifike lokaasjes oanwiisd dêr't de buorden pleatst wurde meie.
Kontakt
Hawwe jo fragen? Nim dan kontakt op fia gemeente@smallingerland.nl.