Fergunning spandoek
Wolle jo in spandoek pleatse? Dan hawwe jo in tydlike reklamefergunning nedich. Dy kinne jo oanfreegje fia evenementen@smallingerland.nl.
Kosten
De kosten yn 2023 binne € 140,60.
Fergunning ferliene
In fergunning foar in spandoek kin ferliend wurde as der sprake is fan:
- sportwedstriden, lykas hurdfytswedstriden, om de start en de finish oan te tsjutten;
- lanlike kampanjes oer bygelyks ferkearsfeiligens en lanlike kollektes;
- lanlike monumintedei en soartgelikense eveneminten.
Easken spandoek
Der meie maksimaal 10 spandoeken oanbrocht wurde. Spandoeken moatte boppe de dyk op in hichte fan 4,50 meter en op syn minst 2,20 meter boppe de stoepe oanbrocht wurde. De ôfstân ta krusingen moat minimaal 50 meter wêze.