Bingo melde

Wolle jo in bingo organisearje dêr't ek prizen mei wûn wurde kinne? Dan moatte jo dat melde troch in mail te stjoeren nei evenementen@smallingerland.nl.

Kosten

Der binne gjin kosten ferbûn oan de oanfraach.

14 dagen yn 't foar melde

Meld de bingo op syn minst 14 dagen yn 't foar. De gemeente kin de bingo ferbiede en/of easken stelle.

Feriening of stichting

Om in bingo oanfreegje te kinnen moat dy organisearre wurde troch in Nederlânske feriening of stichting dy't op syn minst 3 jier bestiet. De organisaasje moat neffens syn statuten in dúdlik omskreaun doel hawwe (dat doel mei net it organisearjen fan kânsspullen wêze).

Kopy fan de statuten

Jo moatte in kopy fan de statuten fan jo feriening oan jo melding tafoegje.

Goed doel

De bingo moat organisearre wurde foar in yn 't foar bekendmakke goed doel.

Prizen

De prizen en preemjes yn jild of guod dy't wûn wurde kinne, meie net heger wêze as € 400,00 de searje (of set). Yn totaal mei de wearde fan de te winnen prizen of preemjes net mear wêze as € 1.550,00 de gearkomste.