Fergunning beam kapjen
Wolle jo in beam kapje? Yn guon gefallen hawwe jo dêr in fergunning foar nedich. Is de omtrek fan de beam mear as 63 sintimeter op 1,3 meter hichte? Freegje dan in omjouwingsfergunning oan, ek as de beam op eigen grûn stiet.
Kosten
€ 69,-
Eigener
Allinnich de eigener fan in beam kin in fergunning oanfreegje (of in machtiging ôfjaan).
Wannear net kapje
Kapje in beam net as der fûgels yn briede. Kapje in beam net as jo grûn by in natuergebiet heart.
Binnen 8 wike
De gemeente ferwurket jo oanfraach binnen 8 wike. Wachtsje dêrnei noch 6 wike mei kapjen. Der kin nammentlik noch beswier yntsjinne wurde tsjin jo fergunning.