Needstipepunten

Op dit stuit binne der yn 'e gemeente Smellingerlân noch gjin needstipepunten. De gemeente is dwaande mei de tarieding en ynrjochting fan dy lokaasjes.

Wat is in needstipepunt?

In needstipepunt is in fêst moetingsplak yn jo doarp dat iepen giet bij in needsituaasje. Bygelyks by langduorjende stroomútfal of ekstreem waar. Op dat plak wurkje de gemeente, de feiligensregio, helptsjinsten en ynwenners mei-inoar gear.

Jo kinne by in needstipepunt terjochte foar aktuele ynformaasje en stipe as dat nedich is. Ek as jo gjin tagong hawwe ta iten, drinken of medisinen kinne jo dêr terjochte foar ynformaasje en help.

Ynformaasjeboekje

Alle húshâldingen yn Nederlân hawwe it ynformaasjeboekje fan de kampanje Denk Vooruit krigen. Yn dat boekje stiet praktyske ynformaasje. Bygelyks hoe't jo in needpakket gearstalle en wat jo dwaan kinne by in needsituaasje.

Hawwe jo it boekje net krigen? Dan kinne jo it ophelje by de baly fan it gemeentehûs.