Karbidsjitten

Om it karbidsjitten sa feilich mooglik ferrinne te litten, binne der rjochtlinen opsteld. Jo meie allinnich karbidsjitte op 31 desimber tusken 10.00 en 18.00 oere as jo tastimming hawwe fan de gemeente. Folje fia ûndersteande knop it formulier yn en stjoer de frege dokuminten mei.

Tastimming karbidsjitten oanfreegje

Spulregels karbidsjitten

  1. Fóár 8 desimber 2025 melde* by de gemeente fia boppesteand formulier.
  2. Allinnich sjitte op 31 desimber 2025 tusken 10.00 en 18.00 oere.
  3. De organisator is altyd werkenber troch it dragen fan in fluoresearjend feilichheidsheske.
  4. Gjin feesten/aktiviteiten om it karbidsjitten hinne.
  5. Partytinten binne tastien, as se oan trije siden iepen binne.
  6. It útdielen of brûken fan alkohol, gniisgas of drugs is net tastien.
  7. Molkbussen meie net grutter wêze as in ynhâld fan 50 liter.
  8. Allinnich sjitte mei in bal en net mei in molkbusdeksel.
  9. Op in plak mei in ôfstân fan minimaal 75 meter fan wenningen en 300 meter fan foarsjenningen foar it hâlden fan bisten (bygelyks in bûthús of maneezje).

*By de melding moatte jo as organisator it neikommende ynleverje:

  • tastimming fan de eigener fan it terrein dêr't sketten wurdt;
  • kaart mei dêrop de lokaasje dêr't sketten wurdt en de sjitrjochting;
  • kontaktgegevens fan de organisator.

Tips

Soargje dat der altyd in Bewust Oplettende Carbid-Knaller (BOCK) oanwêzich is. De BOCK is op 'e hichte fan de fiif tips oer feilich karbidsjitten:

Tip 1 - Soargje foar in goede tarieding

  • Lês de spulregels. Folje op 'e tiid it meldingsformulier fan de gemeente yn. Dat kinne jo boppe-oan dizze side fine.

Tip 2 - Beskermje josels en oaren

  • Brûk gehoarbeskerming en draach in feilichheidsbril.

Tip 3 – Soargje foar EHBO

Tip 4  - Brûk goed materiaal

  • Brûk allinnich in molkbus yn goede steat mei in stevige boaiem.
  • Sjit mei in plestik bal yn stee fan in molkbusdeksel.
  • Soargje derfoar dat de bus, nei it ûntstekken, net achterút sjitte kin.

Tip 5 -  Untstek it karbid feilich

  • Untstek de bus mei in fakkel op in stôk.
  • Stean by it ûntstekken oan de sydkant fan de molkbus.
  • Gean nea op de bus sitten.
  • Soargje derfoar dat it publyk op feilige ôfstân stiet.