It brûken fan bodycams troch boa's

Yn Smellingerlân drage tafersjochhâlders en bûtengewoan opspoaringsamtners (boa's) bodycams.Dy lytse kamera's drage sy op harren unifoarm om de feiligens te garandearjen.

Bodycams nimme allinnich op yn ûnfeilige situaasjes. Sadwaande kinne ynsidinten efternei better ûndersocht wurde en bliuwt de feiligens fan meiwurkers en boargers garandearre. Alle bylden wurde feilich opslein en binne allinnich tagonklik foar autorisearre funksjonarissen.

Meie de hanthaveners bodycams wetlik brûke?

Ja. Gemeente Smellingerlân brûkt bodycams om de feiligens fan har wurknimmers te fergrutsjen. Dat falt ûnder it 'rjochtfeardige belang' neffens de AVG.

Wannear meie opnamen makke wurde?

Bodycams wurde iepenlik droegen en stean altyd oan. De bylden wurde pas opslein as de boa in opname start mei in knop. Dat bart by ûnfeilige situaasjes. De bodycam slacht dan bylden op fan 60 sekonden ôf foardat de knop yndrukt waard. Boa's jouwe in warskôging as se de kamera aktivearje, of it moat wêze dat de situaasje te gefaarlik is.

Hokker persoansgegevens wurde opslein?

By in ynsidint wurde de neikommende gegevens fêstlein:

  • Byld- en lûdopnamen, dêr't persoanen werkenber yn wêze kinne;
  • Datum en tiid;
  • GPS-lokaasje.

Wurde de bylden dield mei de plysje?

De bylden wurde allinnich dield as de boa oanjefte docht fan in strafber feit tsjin him/har. It giet dan bygelyks om geweld of in mislediging tsjin de boa. As de boa oanjefte dien hat, kin de plysje dy bylden opfreegje foar fierder ûndersyk. De bylden kinne brûkt wurde as bewiismateriaal yn in rjochtsaak.

Mei ik wegerje om filme te wurden?

Nee, boa's hawwe gjin tastimming nedich om te filmjen. Sy filmje allinnich as harren feiligens yn gefaar is en ynformearje jo as dat mooglik is.

Hoe wurde de opnamen befeilige?

Wy gean soarchfâldich om mei de bodycamopnamen. Opnamen wurde fersleutele opslein op de bodycam en dêrnei yn in befeilige cloudomjouwing.

Mar in lyts tal persoanen mei tastimming hat tagong foar spesifike doelen lykas ûndersyk by oanjefte of in fersyk om yn te sjen of te evaluearjen. As opnamen ynsjoen, fuorthelle of feroare wurde, wurdt dat automatysk logd troch it systeem. Sadwaande kin altyd efterhelle wurde op hokker stuit, troch wa en foar hokker doel de opnamen opfrege binne. Nei 28 dagen wurde opnamen automatysk fuorthelle, behalve as der in fersyk of foardering rint. Dan wurde dy bodycamopnamen bewarre salang't de ôfhanneling duorret fan it doel dêr't se foar feilichsteld binne. Dêrnei wurde se noch fuorthelle.

Kin ik de bylden fan mysels ynsjen?

Ja, jo hawwe rjocht op it ynsjen fan jo eigen gegevens. Oare persoanen op de bylden wurde earst ûnwerkenber makke. Jo kinne online in fersyk yntsjinje.

Is der tafersjoch op it brûken fan bodycambylden?

Ja, de Funksjonaris foar de Gegevensbeskerming (FG) hâldt tafersjoch op it brûken fan persoansgegevens en bodycams troch de gemeente. De FG kin kontrôles útfiere op plakken en yn systemen dêr't de bodycamopnamen ferwurke wurde, om te sjen oft de makke ôfspraken neikommen wurde.

Kinne de de opnamen brûkt wurde nei in klacht?

Nee, bodycamopnamen wurde net brûkt foar klachtebehanneling.

Kin de drager fan de bodycam de opnamen sels fuorthelje?

Nee, alle opnamen wurde 28 dagen bewarre en – as der in ynsidint bard is – oant nei de ôfhanneling fan dat ynsidint. De drager kin de opnamen net fuorthelje.

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op. Dat kin troch te beljen nei 0512 58 1234 of fia in mail: privacy@smallingerland.nl.