It gemeentehûs yn Drachten wurdt ferboud. Fan 1 septimber ôf is ús nije, tydlike besykadres: Reidingwei 6 (it âlde swimbad De Welle). Lês mear …
Algemiene Pleatslike Feroardering (APV)
Yn de Algemiene Pleatslike Feroardering (Nederlânsk: Algemene Plaatselijke Verordening = APV) stean regels fan de gemeente oer de iepenbiere oarder en feiligens. Elke gemeente hat in eigen APV. De APV jildt foar elkenien binnen de gemeente.
Dy regels gean bygelyks oer:
- iepenbiere oarder en feiligens
- eveneminten
- oerlêst en baldiedigens
- miljeubehear
- parkearoerlêst
- stânplakken
- iepenbier wetter
De APV fine jo op Overheid.nl.