Wolstân
As jo in omjouwingsfergunning oanfrege hawwe of in foarriedige beoardieling foar in bouplan of reklame-utering yntsjinne hawwe, dan beoardielet de wolstânskommisje dat. De wolstânskommisje besjocht oft de plannen passe binnen de wolstânseasken fan de gemeente. De wolstânskommisje fan gemeente Smellingerlân komt ien kear yn 'e 14 dagen byinoar.
Aginda wolstânsgearkomste (NL)
Besjoch de Aginda wolstânskommisje.
De wolstâns- en reklamenota kinne jo besjen yn Planviewer.