Jeleefomgeving.nl

Hawwe jo in e-mail krigen fan noreply@jeleefomgeving.nl dêr't yn stiet dat der in berjocht fan gemeente Smellingerlân foar jo klearstiet? Dat kloppet!

Jeleefomgeving.nl

De gemeente set berjochten foar jo klear yn jeleefomgeving.nl. Wy dogge dat foar de neikommende saken:

  • ynformaasjefersyk foar it bouwen, ferbouwen, oars brûken fan grûn of in gebou;
  • fergunningen foar it bouwen, ferbouwen, oars brûken fan grûn of in gebou;
  • meldingen en oanfragen foar eveneminten;
  • meldingen foar aktiviteiten yn de iepenbiere romte (tink oan snoeiôffal ferbrâne, lûdsapparaten brûke);
  • meldingen en oanfragen foar lotterijen en kânsspullen;
  • fergunningen, ûntheffingen en meldingen foar hoareka.

Hoe wurket it?

  • Jo krije in e-mail fan noreply@jeleefomgeving.nl. Dêr stiet yn dat der in berjocht foar jo klearstiet.
  • Klik op de button yn de e-mail.
  • Jo logge yn mei it e-mailadres dêr't jo it berjocht op krigen.
  • Jo krije op jo e-mailadres in koade.
  • Jo folje de koade yn op jeleefomgeving.nl.
  • Jo binne yn jo berjochtebox. Jo kinne dêr jo berjochten lêze en in antwurd stjoere.
  • Jo kinne fia jeleefomgeving.nl ek nei de gemeente werom maile. Sa hawwe jo alle berjochten oer jo oanfraach of melding byinoar. De omjouwing fan jeleefomgeving.nl is befeilige. Jo kinne feilich mei de gemeente e-maile.