Omjouwingsplan besjen

Yn it omjouwingsplan steane alle regels dy't jilde foar de omjouwing dêr't wy yn wenje, wurkje en ûntspanne, de fysike leefomjouwing. Tink oan regels oer it bouwen fan in wenning, regels foar lûd en regels oer it kapjen fan beammen. Wolle jo sjen watfoar regels der foar in stik grûn jilde, besjoch dan it omjouwingsplan yn it omjouwingsloket.

Nei it omjouwingsloket 

Binne jo der net wis fan oft jo plan binnen it omjouwingsplan past? Folje dan de fergunningtsjek yn. Hawwe jo dêrnei noch fragen? Belje dan mei de gemeente.

Op de ynformaasjeside oer de Omjouwingswet fine jo mear ynformaasje oer it omjouwingsplan.