Ofwike bestimmingsplan

Yn in bestimmingsplan stiet wêr, wat en mei watfoar doel boud wurde mei. De (fer)bouplannen hearre te passen yn it bestimmingsplan fan 'e gemeente. Miskien wykt jo plan ôf fan wat der yn it bestimmingsplan stiet. Freegje dan in omjouwingsfergunning oan fia it Omjouwingsloket online. Foar it bouwen of ferbouwen sels hawwe jo faak ek oare omjouwingsfergunningen nedich.

Omjouwingsloket online 

It fersyk om ôfwike te meien nimme wy meastentiids automatysk mei yn de behanneling fan jo fergunningsoanfraach. Yn guon gefallen freegje jo sels in omjouwingsfergunning ‘ôfwike bestimmingsplan’ oan.

Dit moatte jo witte

  • Kontrolearje mei de Fergunningstsjek yn it omjouwingsloket oft jo in fergunning nedich hawwe foar jo bouplan.
  • Hawwe jo foar jo bouplan in omjouwingsfergunning nedich? Jo plan moat wol yn it bestimmingsplan passe. Besjoch bestimmingsplannen op ruimtelijkeplannen.nl. Yn it bestimmingsplan stiet wat jo op hokker plak bouwe meie.
  • Past jo bouplan yn it bestimmingsplan? Jo meie yn guon gefallen sûnder fergunning bouwe.
  • Past jo bouplan net yn it bestimmingsplan? Jo hawwe in omjouwingsfergunning nedich.
  • Komme jo der online net út? Nim kontakt op mei de gemeente.