Húsnûmer oanfreegje
Wolle jo in (ekstra) húsnûmer oanfreegje of feroarje litte? Freegje in (ekstra) húsnûmer oan of feroarje jo húsnûmer.
Betingsten
Jo krije allinnich in nij húsnûmer by in selsstannich ferbliuwsobjekt. Dat is bygelyks in hûs, appartemint of bedriuwsromte. Foar it oanfreegjen fan in húsnûmer jilde de neikommende betingsten:
- In eigen tagong fan de iepenbiere dyk ôf, of fan in hiem, in dielde tagong lykas in portyk, galery of treppehûs ôf.
- In eigen tagongsdoar dy’t jo fan binnen en bûten op slot dwaan kinne.
- Kin selsstannich ferkocht of ferhierd wurde.
- Eigen foarsjenningen (sanitêr, lykas in badkeamer, húske en keuken) dêr’t út bliken docht dat it funksjoneel selsstannich is.
Dit moatte jo witte
- De gemeente hâldt in administraasje by fan alle adressen yn de Basisregistraasje Adressen en Gebouwen (BAG).
- De gemeente is de iennichste partij dy’t in húsnûmer takenne, feroarje of ynlûke mei.
- Hawwe jo in omjouwingsfergunning oanfrege foar nijbou of ferbou? Jo krije faak automatysk in húsnûmer as jo de omjouwingsfergunning krije.
- Freegje jo in oansluting foar elektrisiteit oan? It hawwen fan in húsnûmer is dan net ferplichte.
- Besjoch Afbakening van verblijfsobjecten foar mear ynformaasje oer it oanfreegjen fan húsnûmers en de Wet BAG.